jouwnieuws.nl weblogs en nieuws rss feeds

nieuws | weblog | economie | technologie | showbizz | vacatures | sport | jouwnieuws | contact

Een goedkope Hypotheek, Lening of Verzekering?

vorige |
volgende



Smidderij Aldeberkeap fernield

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-08 02:28:27
By de siersmidderij fan Aldeberkeap ha fandalen heal desimber foar mear as 25.000 euro oan fernielings oanrjochte. Yn de nacht fan 18 desimber waarden de ruten fan de showroom yngoaid en kezinen, panielen en reinpipen waarden fernield. De eigener fan de smidderij tinkt te witten wa't de dieders binne, dy binne fźstlein op befeiligingskamera's. Op fersyk fan de plysje is de saak oant no ta stil hālden. It ūndersyk nei de fertochten rint noch.


Topdrokte by Gaswacht

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-08 02:28:27
Troch de kjeld fan de lźste dagen moat servicebedriuw Gaswacht ekstra monteurs ynsette om alle CV-steurings oan te kinnen. De froast soarget derfoar dat in protte tsjettels ūnder de druk beswike. Der komme alle dagen in lytse 400 meldings binnen. Dat is dik 50 persint mear as oars yn wintertiid. It bedriuw riedt minsken oan om by strange froast de kachel op 18 graden te hālden en alle radiatoaren iepen te setten.


Thijsje Oenema koartebaantitel

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-08 02:28:27
Thijsje Oenema fan De Jouwer is woansdei yn Lekkerkerk Nederlānsk kampioene op de koartebaan wurden. Yn Sśd-Hollān stiene 24 froulju op de list. Troch it teiwaar wie it iis net mear yn topkondysje. Yn de finale - de bźste fjouwer - wie Oenema fierwei de sterkste. Se wūn al har trije ritten yn de bźste tiid. Lelie Koen fan Giethoorn, lid fan de Fryske seleksje waard twadde. Esmeralda Nieuwendorp (Hoornaar) tredde, Janine Smit fan H'fean fjirde.


Grou wol nije muzyktinte

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-08 02:28:26
Grou komt yn aksje foar in nije multyfunksjonele muzyktinte op It Grien yn it sintrum fan it doarp. Yn de jierren '80 is de doe al jierren besteande muzyktinte ōfbrutsen. It plein moast brūkt wurde foar parkearen. Der is doe in staketsel mei in plestik dak delset mar dat foldocht net. Pleatslik Belang wol wer in echte muzyktinte en presentearre woansdeitejūn de tekeningen. Under de tinte komme iepenbiere hśskes.


Ofskied Rintje op Thialf

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-08 02:28:26
Reedrider Rintje Ritsma sil kommende sneon 10 jannewaris nei ōfrin fan de ritten fan it EK Allround op Thialf ōfskied nimme fan it publyk. De "bear fan De Lemmer" makket dan in earerūntsje op de iisflier. De KNSB ropt it oanwźzige reedriidpublyk op Ritsma in steande ovaasje te jaan en it iis mei knuffelbearen fol te smiten. De reedrider makke yn septimber ferline jier bekend mei syn aktive reedriidkarriźre op te hālden.


Kamping Heech wint priis

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-08 02:28:26
Wettersportkamping Heech hat fan de Keamer fan Keaphannel Noard Nederlān in priis fan 1500 euro krigen. De kamping wie ien fan de trije nominearden foar de Kreativiteitspriis 2009 foar bedriuwen dy't op in bisūndere wize de bān mei de kreative sektor fersterkje. De haadpriis wie foar it bedriuw Vorm Martini śt Grins. De kamping krijt it jildbedrach omdat se fergees in karavan beskikber stelle foar skriuwers om ynspiraasje op te dwaan.


Monumintebehear foar L'diel

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-08 02:28:26
Littenseradiel wol de monuminten yn de gemeente better beheare. Dźrom is de stifting 'Monumenten Behoud Littenseradiel' oprjochte mei wethālder Froukje Hernamdt as foarsitter. De stifting wurdt eigner fan de njoggen gemeentlike monuminten. Sa kin der in berop dien wurde op subsydzjes. Tal fan frijwilligers soargje op dit stuit foar de monuminten en dat bliuwt sa.


Transport fernimt krisis

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-08 02:28:26
De transportsektor krijt hieltyd mear lźst fan de ekonomyske krisis. Sa hat Veenstra transport śt Heech no 30 frachtweinen minder op'e dyk. Koartlyn sette de ferfierder noch 140 weinen yn. Dat hat foarearst allinnich gefolgen foar it tydlike personiel. Transport en Logistiek Noord advisearret bedriuwen om tydlike kontrakten net te ferlingen. Se ferwachtsje dat de gefolgen fan de krisis yn'e maaitiid noch folle mear te fernimmen binne.


Ter Keurs bang foar sloop

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-08 02:28:25
De kāns is grut dat der wenten sloopt wurde moatte at de Joint Strike Fighter op fleanbasis Ljouwert stasjoneard wurdt. De nije strieljager makket 4 kear safolle leven as de F16. Boargemaster Ter Keurs fan Ljouwerteradiel makket him soargen oer de takomst yn syn nijjierstaspraak. Hy wol sa gau mooglik witte hoe't steatssekretaris De Vries it lūdsprobleem oplosse wol. De lūdsnoarmen ferromje is gjin opsje fynt Ter Keurs.


SC Cambuur wol fierder groeie

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-08 02:28:25
Sportklub Cambuur wol dit jier op alle flakken fierder groeie. Sa moat de klub śt de reade sifers komme en moatte de plannen foar it nije stadion konkreet wurde. Boppedat wol Cambuur noch mear seizoenkaarten ferkeapje. Dat waard woansdei dśdlik makke op de nijjiersresepsje fan de fuotbalklub, troch foarsitter Wim Sleijffer. It liket derop dat SC Cambuur fan takom jier ōf de begrutting rūn krijt. Dit jier is der noch in tekoart fan 3,5 ton.


Woansdei earste alvestźderider

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-07 03:12:33
Jacob Brandsma fan De Hommerts sil woansdei as earste op redens de Fryske alve stźden by del. Brandsma sil dat dwaan op houtsjes. Dat rydt better op ūnwis iis en boppedat klśnt dat ek folle makliker. Benammen yn de doarpen en stźden sil in soad klśnd wurde moatte, ferwachtet Brandsma. De alvestźdepionier hat noch net in soad kilometers yn de fuotten. Hy hat net mear treend as in rūntsje oer de Swarte Brekken op nijjiersdei en op tiisdei.


NK-koarts by de BAM-ploech

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-07 03:12:33
Foar de maratonreedriders kin it net gau genōch tongersdei wurde. Dan is op de Oostvaardersplassen yn Flevolān it Nederlānsk kampioenskip op natueriis. De lźste kear dat dat kampioenskip yn Nederlān ferriden waard wie yn 1996. De BAM-ploech fan ploechlieder Jillert Anema is der klear foar. Yn dy ploech ride de Friezen Arjan Stroetinga, Bertjan van der Veen, Bob de Vries en Willem Hut. De BAM-ploech is op dit stuit de sterkste en hat ferskate kānshawwers op de nasjonale titel.


Skea oan skou troch froast

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-07 03:12:33
In sneu gefal fan winterskea yn Grou. Dźr is tiisdei de 10 meter lange skou ST-5 śt 1936 śt it wetter helle. It skip lei foar in grut part ūnder wetter. Froast, teiwaar en wer froast soargen foar in gat yn 'e lieding wźrtroch it wetter nei binnen koe. De eigner kaam dźr yn it wykein achter dat it mis wie; it hiele achterskip lei ūnder wetter. Tiisdei is it skip boppe wetter helle mei help fan in kraan en in tal pompen. De eigner wit net hoe grut de skea krekt is.


Topdrokte by sāltfabryk Harns

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-07 03:12:33
Frisia Sālt yn Harns hat it dizze dagen tige drok mei de produksje fan struisālt. Yn guon gemeenten wurdt wol 100 ton sālt deis op 'e diken struid. De frachtweinen ride dizze dagen oan en ōf by it bedriuw. Troch de froast is der in protte fraach nei struisālt. Frisia riedt him ta op de drokte troch in goeie foarried struisālt oan te lizzen. Dy foarried sjocht der śt as in sāltberch. Frisia hat njonken it fabryk yn Harns ek noch in opslach yn Frjentsjer.


Proef mei GHB-ferstrekking

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-07 03:12:32
Verslavingszorg Noord Nederland wol de drug GHB medisinaal ferstrekke oan ferslaafden, om dy sa te helpen mei ōfkicken. It tal minsken dat ferslaafd rekket oan de partydrug nimt hurd ta. Ofkicke sūnder medyske begelieding troch samar op te hālden is libbensgefaarlik. VNN wol ferslaafden yn in sikehūs helpe stadich ōf te bouwen. VNN hat kliniken yn Grins en yn Ljouwert, dźr't GHB-ferslaafden holpen wurde. De ynspeksje foar de sūnenssoarch moat noch ynstimme.


Feanhoop jout jild foar kanaal

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-07 03:12:32
Bewenners fan de Feanhoop en Nij Beets hawwe tiisdei wethālder Kuipers fan Smellingerlān in cheque fan 183 euro oerlange. It jild is ophelle mei in nijjiersaksje. De ynwenners fan de twa doarpen wolle dat der gau wer begūn wurdt mei de wurksemheden oan it Polderhoofdkanaal. It wurk leit no stil en wurdt dźrtroch djoerder. De ried fan Smellingerlān wol dat it plan trochgiet. Oer de ekstra kosten sil letter pas praat wurde.


Smellingerlān wol legale wyt

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-07 03:12:32
Smellingerlān sil sjen nei mooglikheden om legaal wyt te kweken foar de Drachtster kofjesjops. In foarstel fan de SP en PvdA hjirfoar hat tiisdei in riedsmearderheid helle. De kolleezjepartijen CDA en ChristenUnie stimden tsjin. It legaal wytkweke foar de oanfier nei kofjesjops kin mooglik soargje foar minder yllegale wytkwekerijen en kriminaliteit.


Wende Snijders promoot Skylge

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-07 03:12:32
Sjongeres Wende Snijders wurdt it nije gesicht fan Skylge. Foar in spesjale promoasjekampanje is se yn byld brocht as de muze fan it Fryske Waadeilān. Nei sjongeres Ellen ten Damme, Joop Mulder en Hessel, is Snijders it fjirde gesicht fan de kampanje Thuis op Terschelling. De sjongeres komt in soad op it eilān om te bekommen fan har toernees. Fan't maaitiid ferbliuwt se der in skoft om ynspiraasje op te dwaan foar har nije album.


Metamorfoaze foar Amicitia

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-07 03:12:32
It Amicitia-gebou yn it sintrum fan Ljouwert krijt in yngreven metamorfoaze. It kolleezje fan B&W giet akkoart mei in plan om it foar in soad Ljouwerters meast ūnsjogge gebou fan de stźd te feroarjen yn in toplokaasje. Der komme winkels op twa etaazjes en 16 lśkse apparteminten fan boppe de 500.000 euro komme. Ek sil de būtenkant fan it kompleks op 'e hoeke fan de Wurdumerdyk en de Nieuweweg oanpakt wurde.


Ekskuses fan boargemaster

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-07 03:12:32
Boargemaster Will van den Berg fan Ferwerderadiel makket eksuses oan de ālders fan Burdaard en Blije. Nei de rellen mei āld en nij beskuldige hy ālders fan oppakte jongeren derfan de bern net yn de hān te hawwen. Yn syn nijjierstaspraak kaam er dźr op werom, omdat de measte relskoppers ālders as 18 wiene.


André Hanssen op trainingskamp

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-06 04:59:15
André Hanssen giet tiisdei mei op trainingskamp mei SC Hearrenfean. De Noar spile 13 jannewaris 2007 syn lźste wedstriid en rūn dźrnei in knibbelblessuere op. Nei twa operaasjes giet it better, mar Hanssen sil foarearst noch net oan wedstriden meidwaan. Hearrenfean is fan 6 oant 13 jannewaris op trainingskamp yn it Turkse Belek. Freed spylje se in oefenwedstriid tsjin it Turkse Trabzonspor.


Fotoboek 25-jier Dongeradiel

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-06 04:59:15
De gemeente Dongeradiel fiert it 25-jierrich bestean fan de gemeente mei it śtbringen fan in fotoboek mei de namme “Tussen Dokkum en de zee“. Op 1 jannewaris 1984 binne de gemeenten Westdongeradiel, Eastdongeradiel en Dokkum as gefolch fan in weryndieling ien gemeente wurden. Fotograaf Dolph Kessler śt Oentsjerk hat de ōfrūne fjouwer jier foto“s makke fan Dongeradiel en dy jouwe in moai byld fan it plattelān, Dokkum en It Waad.


Soargen oer mźst yn Jobbegea

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-06 04:59:15
Yn Jobbegea wurdt healwei jannewaris in foarljochtingsbyienkomst holden oer de ferpleatsing fan in antennemźst yn it doarp. De mźst is bedoeld foar de kommunikaasje foar de helptsjinsten en is krekt lyn ferpleatst fan de Ericaloane nei de Wolter Jagerswyk. Dit om it netwurk fierder te optimalisearjen. Yn de Wolter Jagerswyk binne se no benaud dat de mźst skealik is foar de sūnens. Yn de byienkomst wurdt in taljochting jūn op wurking fan de antenne en de effekten.


Min jier foar De Friesland

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-06 04:59:15
Soarchfersekerder De Friesland ferwachtet oer 2008 op in ferlies fan 15 oant 20 miljoen euro śt te kommen. Dat komt foaral troch net genōch ynkomsten śt belizzingen as gefolch fan de kredytkrisis. Yn it fersekeringswurk sels is foarich jier wol 4 miljoen euro fertsjinne. Yn 2007 wie de situaasje noch oarsom. Yn dat jier hie De Friesland in ferlies fan 6 miljoen euro op de fersekeringen, mar soargen de belizzingen foar in posityf resultaat.


Sint Jacobsstrjitte twadde

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-06 04:59:15
De Sint Jacobsstrjitte yn Ljouwert is twadde wurde by de ferkiezing fan de meast noflike winkelstrjitte fan Nederlān. De winkelstrjitte krige sa'n 1450 stimmen yn it ramt fan de NLstreets Awards. Op it earste plak einige de Kleine Houtstrjitte yn Haarlem mei rom 1600 stimmen en it tredde plak wie foar De 9 Straatjes yn Amsterdam mei mar sa'n 400 stimmen. Sawat 9000 minsken hawwe de ōfrūne twa moannen in stim śtbrocht op in favorite winkelstrjitte yn it lān.


Bilker hat krityk op provinsje

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-06 04:59:14
Boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlān hat grutte krityk op it provinsjebestjoer. De provinsje is te drok dwaande mei it ūntwikkeljen fan de wurkgelegenheid yn de ekonomyske kearnsōnes. Dźrby wurdt it plattelān oer de holle sjoen, dat te krijen hat mei minder minsken en in weromrinnende huzebou. De provinsje soe mear omtinken oan dat plattelān jaan moatte, sa liet Bilker justerjūn yn syn nijjierstaspraak witte.


Nijjiersresepsje SC H'fean

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-06 04:59:14
De leden fan de grutste sakeklub yn it betelle fuotbal wisten moandeitejūn it paad nei it Abe Lenstra stadion wol te finen. It tal leden fan de OSSH - de ūndernimmers sositeit fan de Sportclub Hearrenfean - is no krapoan 1200. It liket derop dat de ekonomyske krisis oan har foarby giet. Direkteur Yme Kuiper fan de Sportklub Hearrenfean wie fierder ek posityf oer de gong fan saken. Syn klub is finansjeel goed sūn en hat noch alle kāns om heech te einigjen.


1,5 miljard foar bou Ljouwert

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-06 04:59:14
Der wurdt de kommende jierren oardel miljard euro yn Ljouwert ynvestearre. It jild giet nei bouprojekten lykas it Saailān en it provinsjehūs en der wurde tunnels, diken en akwadukten fan boud. Sa wurdt dit jier ek śt ein set mei de Heak om Ljouwert, sei boargemaster Crone op de nijjiersresepsje. Ek makke de boargemaster bekend dat Ljouwert, Boarnsterhim en Ljouwerteradiel fierder prate oer gearwurking en weryndieling.


Noorderbreedte moat besunigje

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-06 04:59:14
De Zorggroep Noorderbreedte moat dit jier besunigje op de thśssoarch en dat bestjut dat der folle minder pasjinten behannele wurde kinne as dat mooglik is. Dit komt troch in ferlies fan 2,5 miljoen euro yn de ōfrūne twa jier. Dit hie te krijen mei it feit dat Zorggroep Noorderbreedte net alle kosten fergoede krige. Yn 2007 is Zorggroep Noorderbreedte fan start gien mei in eigen thśssoarch. Der kamen folle mear pasjinten as werop rekkene wie.


Soad fragen sluting tsjerken

gerelateerde items | rss feed | toevoegen | e-mail nieuwsalarm | | 2009-01-06 04:59:13
Leden fan de PKN-gemeente Ljouwert ha moandeitejūn massaal in ynformaasjejūn yn de Fenixtsjerke bywenne oer it sluten fan trije tsjerken. Der wiene seker 450 minsken. Yn desimber waard it foarriedige beslśt bekend makke dat de Adelaartsjerke, de Koepeltsjerke en de Open Hof ticht geane. Foardat der letter dizze moanne in definityf beslśt falt, koene de minsken op dizze ynformaasjejūn noch fragen stellen en opmerkings pleatse.


vorige |
volgende
 ©2006 mail jouwnieuws.nl | gratis webloggen! | gratis foto hosting | meest gezocht